Plysje warskôget foar nepoanridingen

31 maaie 2017 - 16:53

De plysje warskôget foar nepoanridingen: automobilisten hâlde je oan en sizze dat je tsjin se oan sitten ha. Faak freegje se in jildbedrach en naaie dan út.

Yntimidaasje

Fan 'e wike waard in frou út Burgum bedrige nei't in man bewearde dat se in botsing hân hiene. Se soe him snijd hawwe yn in bocht. As skeafergoeding frege hy in bedrach fan 100 euro. De frou waard bot yntimidearre troch de man. Se is hurd beetpakt en hat dêr no noch blauwe plakken fan.

Net betelje

Doe't de plysje derby kaam, gie it bedrach omleech nei 50 euro. Se hat net betelle. Ramona Venema, wurdfierder fan de plysje, seit ek dat je soks nea dwaan moatte. Venema: "Sis fuort dat je de fersekering ynskeakelje en notear alle gegevens fan de tsjinpartij." Yn Fryslân binne der kwalik meldingen fan dit soarte fan oplichting. 

Wurkwize

De wurkwize fan dit soarte fan oplichters is faak dat se hurd op je ôfriden komme. Se stopje dan krekt foar je auto en sizze dat je se oanriden ha. Yn oare gefallen komt it foar dat ien hurd op je auto slacht en dan seit dat je der tsjinoan sitten ha. Yn al dit soarte gefallen jildt itselde advys: betelje neat, seit Venema.

(advertinsje)
(advertinsje)