Ald-bankiers de sel yn foar wanbehear fan neilittenskip

31 maaie 2017 - 15:03

Twa âld-meiwurkers fan de Friesland Bank hawwe twa jier en oardel jier finzenisstraf krigen foar it fertsjusterjen fan jild dat se yn behear hienen. De manlju fan 55 en 39 jier hienen in neilittenskip fan in minderjierrige jonge yn behear. De bankdirekteur en syn meiwurker hienen it bewâld oer it jild fan de jonge dy't it jild fan syn heit erve hie nei syn dea. De manlju hawwe fjouwer miljoen euro fuortmakke. De 55-jierrige man hie in bedriuw en ynvestearre in grut part fan it jild yn bûtenlânske projekten. Se moatte it jild ek werombetelje oan it slachtoffer.

De doe 12-jierrige jonge ferlear yn 2007 syn heit. Hy is yntusken 21 jier âld. Hy hat in frou, en twa bern. Neffens de hjoeddeistige bewâldfierder hat er in belestingskuld fan miljoenen euro's. 

Grutte skea

Neffens de manlju sels gie it net om fertsjustering mar om lieningen en wie it de bedoeling om it werom te beteljen. Dat leauwde de rjochtbank net. De manlju hawwe it jild dat se beheare moasten brûkt foar eigen belangen en hawwe neffens de rjochter grutte skea oanbrocht oan de noch minderjierrige jonge. It fertrouwen dat de heit yn harren steld hie, hawwe se earnstich skeind.

By it bepalen fan de straffen hat de rjochtbank fierders rekken hâlden mei in tal bysûndere omstannichheden, lykas it feit dat de manlju der sels úteinlik finansjeel ek minder út kaam binne.

(advertinsje)
(advertinsje)