Boat op trailer rekket foarbygeande fytster: ferwûne
Oan de Hemmemawei yn Sint-Anne is woansdeitemiddei in fytster ferwûne rekke. De frou ried mei har fyts by in trailer mei in boat del, doe't de boat troch noch ûnbekende oarsaak losskeat. De frou waard rekke en foel op 'e grûn.
Hoe't it krekt mei har giet, is net bekend. Se is nei it sikehûs brocht.