Ekstra jild foar greidefûgels yn Noardeast-Fryslân

31 maaie 2017 - 12:48
Greidefûgels - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De feriening Noardlike Fryske Wâlden stelt de kommende jierren hast in ton ekstra beskikber foar greidefûgelbehear yn Noardeast-Fryslân. It giet om in ienmalige ynrjochtingsfergoeding en in jierlikse bydrage foar de kommende fiif jier. It bedrach is beskikber foar boeren dy't behearsmaatregels nimme om greidefûgels te helpen.

It giet dan bygelyks om de oanlis fan natuerfreonlike kaden en plasdrassen, mar ek om it tapassen fan in langere rêstperioade foar de greidefûgels op boulân.

(advertinsje)
(advertinsje)