Ynspraak oer besunigings

26 okt 2011 - 10:23

Ynwenners fan Dongeradiel meie meiprate oer de besunigings yn de gemeente. Op in fragelist kinne se oanjaan wêr't sy op besunigje soene. Dongeradiel moat de kommende jierren flink ynleverje en is dwaande mei in diskusje oer hokker taken wol en net útfierd wurde moatte. De gemeente wol witte wat de ynwenners fine. De fragelist kin oant 2 novimber ynfold wurde. De gemeenteried beslút 3 novimber oer de besunigings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)