Man (52) oanhâlden foar fallisemintsfraude en fertsjustering

31 maaie 2017 - 12:15
Foto: ANP

De plysje hat ôfrûne moandei in 52-jierrige man út de gemeente Frjentsjerteradiel oanhâlden op fertinking fan fallisemintsfraude en fertsjustering. De fertochte soe ynboel fertsjustere hawwe fan boubedriuwen dy't fallyt gien binne. Dêrneist soe de man de kurator fan de bedriuwen hjir net fan op 'e hichte steld hawwe.

De plysje sette mei it ûndersyk útein nei in oanjefte troch de kurator. De 52-jierrige man wurdt noch heard troch de plysje. Ek de ynspeksje sosjale saken en de FIOD binne belutsen by it ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)