Hûnen fleurje deminte âlderein op

Bring in hûn yn kontakt mei in deminte bejaarde en de laits ferskynt op it gesicht fan de man of frou op jierren. Yn ferpleechhûs Anna Schotanus op It Hearrenfean hawwe sy hiele goede ûnderfiningen mei dizze kombinaasje.
It probleem is lykwols, dat der fierstente min frijwilligers mei hûnen binne dy't dit wurk dogge. Dêrtroch wurdt dizze súksesfolle wurkwize minder tapast as dat se wolle op It Hearrenfean. Meriant, dêr't Anna Schotanus ûnder falt, siket no frijwilligers dy't har mei de hûn ynsette wol foar dizze groep âlderen