Tastimming foar gaswinûndersyk Vermilion yn Súdwest-Fryslân

31 maaie 2017 - 11:58

Hoewol't de gemeente Súdwest-Fryslân tsjin gaswinning is, hat se wol tastimming jûn foar seismysk ûndersyk troch gaswinbedriuw Vermilion. Neffens de gemeente koenen se net oars, om't it Ministearje fan Ekonomyske Saken al tastimming jûn hie. Súdwest-Fryslân sprekt fan in ''voldongen feit''. Vermilion wol yn augustus starte mei ûndersyk nei mooglike gaswinlokaasjes oan de súdkant fan Snits.

It bedriuw brûkt trilweinen en lichte eksplosiven, dy't op in djipte fan fyftjin meter ta ûntploffing brocht wurde. De trillingen wurde brûkt om te mjitten hoe't de boaiem der útsjocht. Vermilion siket net allinnich nei gasfjilden, mar ek nei plakken wêr't yn de takomst ierdwaarmte wûn wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)