Pasjinten mei taaislymsykte yn noed oer fergoeding medisyn

Foar Hetty Bolt út Burgum is de takomst wol hiel ûnwis no't sy mooglik fierder moat sûnder in wichtich medisyn foar har taaislymsykte. Earder dizze moanne binne ûnderhannelingen oer it opnimmen fan it medisyn Orkambi yn it basispakket stikkenrûn tusken Nederlân, België en de fabrikant. It giet om grutte bedraggen. Foar eltse pasjint sitte de kosten op 170.000 euro it jier en dat smyt úteinlik in rekken op fan minimaal 80 miljoen euro.
Bolt krijt it medisyn no noch fergees omdat sy ûnder in regeling fan de fabrikant falt. It is hiel ûnwis wurden as dat no noch wol trochgiet. Lykas har binne der mear pasjinten dy't yn de problemen driigje te kommen. It medisyn soarget der foar dat it slym minder taai wurdt wêrtroch je it better kwyt kinne. Dat betsjut minder kâns op ûntstekkingen en minder wurgens. Der is no in lanlike hantekenaksje op gong kaam om de partijen wer om tafel te krijen.
Hetty Bolt: "Der is in petysje op ynternet 'Orkambi yn it basispakket'. Dy is oant no ta 77.000 kear ûndertekene. Ik ha no in jier net siik west. As ik it medisyn net mear krij, dan sil ik achterút gean."