Keeper Ruben Stuiver fan SC Hearrenfean nei Amearika

31 maaie 2017 - 10:48

Ruben Stuiver, keeper fan SC Hearrenfean ûnder de 19 jier, sil spylje foar de fuotbalploech fan de universiteit fan San Francisco. Stuiver makket sûnt syn 10e diel út fan de jeugdoplieding fan SC Hearrenfean. Sûnt syn 17e traint hy regelmjittich mei de earste seleksje en hy makke diel út fan de foarseleksje fan Oranje ûnder de 15 jier.

(advertinsje)
(advertinsje)