Enkête oer ynfolling fan nij swimbad yn Drachten

31 maaie 2017 - 10:18
Foto: Swimbad De Welle

Ynwenners fan Smellingerlân kinne fia in enkête fan de Eerste Lokale Partij yn de gemeente sizze wat se wolle mei it nije swimbad yn Drachten. Der moat foar tweintich miljoen euro in nij swimbad De Welle komme. Hoe't dat der út komt te sjen, is noch net dúdlik. De ELP wol ek in swimbad mei in grutte regionale útstrieling, mar hat noch wol fragen by it projekt.

Dat giet dan bygelyks oer it jierlikse tekoart fan 1,4 miljoen euro dat driget, de krapte mei it parkearjen op drokke dagen en de ferkearsfeiligens op de Ikesingel en de Sportleane. Fia Facebook kinne ynwenners no oanjaan wat se dêrfan fine.

(advertinsje)
(advertinsje)