Kollum: "Winsemius"

"In pear moanne lyn hie ik al foarsein dat Arno Brok der as kommissaris foar soargje sil dat der allerhande ferneamde lju nei Fryslân ta komme sille. De Paus is noch net bekaam fan Trump, dat duorret noch efkes. Ik wik jim dat kening Willem-Alexander hjir fan ’t jier noch komt. Dan moat hy wol wat aveseare, want yn novimber komt Sinteklaas al nei Dokkum. Dokkum sit mei syn ferline yn 'e tizen. Yn 754 ha se dêr nammentlik de hillige Bonifatius deakneppele. En se wolle dat no goed meitsje mei it wolkom hjitten fan in oare hillige, út namme fan alle bern fan Nederlân. It hat wol kans dat de Bonifatiusbron dêre dan ek omdoopt wurde sil ta Swarte-Pite-Plaske. Leve het duo Blok-Brok.
En dochs hiene we Arno Brok net ha moatten. Ja, it is in poerbêste man. Mar ferline wike hâlde hjir in oaren in ferhaal dat sta sei. Wat binne wy kloaten. Dat ferhaal toande oan dat we hím ha moatten hiene. Fansels, Pieter Winsemius. De meast on-VVD-eftige VVD-er. As Rutte en Zijlstra ris wat mear nei him harke hiene, dan hienen se Klaver yn de earms sletten en wienen oerrûn nei GrienLinks. Sa’n man is dy Winsemius.
Hy hâlde de Rede van Fryslân. Dêr is Fryslân mei de iepening fan it nije provinsjehûs yn 2012 mei begûn. Immen in oerke sa mar wat lulle litte. Teulings fan it CPB wie de earste. Fryslân seach der o sa moai út en dat moast mar sa bliuwe. Wientjes, de meast VVD-eftige VVD-er, hie gjin oplossing foar ús sosjale problemen. Gerdi Verbeet fertelde in jier letter dat Fryslân bestjoerlik in ûnderdiel fan Nederlân is. Dernei spruts de sjoernalist Olaf Koens; in beskamsum ferhaal, benammen oer himsels. En ferline jier wie hjir in Carlos de Bourbon dy’t fertelde dat we útkoarre promtabak wer brûke kinne, as it wat bedrûge is. Hy neamde soks sirkulêre ekonomy.
Mar no, Winsemius. En Winsemius hie ’t oer ús. Hy hâldt fan ús, der sit ek noch wol wat Frysk yn syn famylje. Mar hy prate net oer himsels. Hy prate oer ús bestjoerders, dy’t fierstente min mei ús prate. En as se it wol dogge dan harkje se net nei wat wy sizze. As se dat no, lykas eartiids, wol wer dwaan soenen, soe it wurd mienskip echt wer betsjutting krije kinne. Mar it moaiste wat hy sei wie, en dat die hy twa dagen earder ek al foar de lanlike radio, dat Fryslân noch de iennige mienskip is weryn't de mienskipssin wer stal krije kinne soe. En sjoch dan nei it ferhaal fan mienskipskenner Klaas Sietse Spoelstra, moandei yn de Ljouwerter Krante, dat it Kulturele Haadstêd gedoch eins de boaiem wêze moat foar de wei nei in iepen mienskip yn 2030. Dan wit je dat de bestjoerders, en wy ek, no daliks oan de slach moatte.
No ha ik inkeld noch mar wat ôfstanliks sein. Ik fertaal. Jim kenne dat ferhaal fan dat âlde lampehúske op it dykseintsje fan de Lemster Fjoertoerwei. Gemeentebestjoerders woene dat ôfbrekke. In pear dagen letter stie hiel De Lemmer al op dy dyk te sjongen fan bliuw mei de poaten fan ús rommel ôf. De gemeente gie fansels wol omlizzen, mar it blykt dat sokke bestjoerders noait ris troch De Lemmer kuiere, en dan prate mei of harkje nei minsken. Dy gemeente hâldt him no dwaande mei it útjaan fan biobakjes en fia de mail te melden dat as dat it dekseltsje kapot giet, en dat gean se allegear, dat je dan fanút Bakhuzen nei De Jouwer moatte om in nij dekseltsje. Begryp jim it ferskil?
Prate en harkje. We binne it ferleard yn dit lân. Deasonde. Mar dan komt Pieter Winsemius en dy leit op in gewoane toan út dat fanwege de folksaard en de noch net alhiel fertutearze struktuer it inkel noch yn Fryslân kinne soe. En wat dogge we dan, we litte him gewoan wer nei hûs ride. Mar we hienen him op de skouders nimme moatten en yn triomftocht troch Fryslân ferfiere moatten as in soart krusing fan Marijke Meu, Grutte Pier en Pieter Jelles Troelstra. Mar nee, elk gie gewoan wer syn eigen paad. En dat rint nei in lân sûnder mienskipsgefoel."
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.