Hartthijs de Vries en Anouska Koster tiidritkampioen

31 maaie 2017 - 06:58
Hartthijs de Vries (argyffoto) - Foto: awfoto.nl

Hartthijs de Vries en Anouska Koster binne tiisdeitejûn opnij distriktskampioen tiidriden wurden. Yn Nijhoarne wie dat foar Kollumer De Vries in moaie opstekker. Trije wike lyn fleach hy op in trainingsrit yn de Belgyske Ardennen troch in efterrút fan in auto. Stef Krul fan Tsjalbert waard yn de beloftekategory twadde achter De Vries.

Aafke Soet fan It Hearrenfean moast flink tajaan op kampioene Anouska Koster. De Nederlânsk kampioene op 'e dyk fan De Westereen wûn mei oermacht.

By de elite hurdfytsers wûn Marumer Wieger van der Wier. Douwe de Vries, reedrider en hurdfytser fan It Hearrenfean, waard tredde.

(advertinsje)
(advertinsje)