Donaasjes foar eigener fernielde auto op Skylge

30 maaie 2017 - 21:54

De eigener fan de fernielde Fiat Seicento op Skylge hat in grut tal donaasjes krigen om in nije auto te keapjen. De auto waard ferline wike troch ûnbekenden op syn kant set en rekke dêrtroch swier skansearre. Op de Facebookside fan de HT race is te lêzen dat eigener Bart fan ferskate organisaasjes jild krigen hat om de skea te fergoedzjen.

Sa hat in kollekte yn de feesttinte fan de HT race op it eilân 746 euro opbrocht, hawwe de roeiteams fan de seefeartskoalle Willem Barentsz 150 euro skonken en hat in bedriuw út Vlissingen (dy't ek sponsor is fan de HT race) 350 euro oan Bart jûn. It totaalbedrach komt úteinlik út op sa'n 2000 euro.

De skea oan de auto is sa grut dat der in nije komme moat en neffens it Facebookberjocht sil dit mei it donearre bedrach wol slagje.          

(advertinsje)
(advertinsje)