Ljouwerter toeristetreintsje rekket Porsche by proefrit

30 maaie 2017 - 21:38

De proefrit mei de Ljouwerter stedstrein troch it stedssintrum is net sûnder ynsidint ferrûn. Op de Twabaksmerk rekke in noch útklapt houten opstapke fan it treintsje in djoere Porsche. Dy rûn dêrtroch in klapbân en krassen op. Mei-inoar wie dat goed foar ûngefear 2.000 euro skea.

Inisjatyfnimmer Jelle de Visser wol yn 2018 mei in elektrysk toeristetreintsje troch de stêd. Om dêrfoar in ûntheffing te krijen, moast hy tiisdeitemiddei mei amters en plysjeminsken in proefrit meitsje troch de stêd. Dat de plysje mei wie, hie ien grut foardiel, want se koenen de eigener fan de Porsche gau opspoare.

Troch it ynsidint kaam De Visser der wol achter dat der in ûnderdiel ferkeard montearre wie, wêrtroch it treintsje achteryn wat mear romte nedich hat. Hy hopet noch hieltyd op in ûntheffing fan de gemeente Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)