Krijt Fryslân fan 2022 ôf noch duorsumer busferfier?

30 maaie 2017 - 21:21

Provinsjale Steaten krije in kâns om it iepenbier busferfier noch duorsumer te meitsjen fan 2022 ôf. Deputearre Johannes Kramer komt mei in foarstel om dat by de kommende oanbesteging te regeljen. Doel is om sa min mooglik koalstofdioksine út te stjitten, mar der is in grins oan wat betelber is. As it hiel djoer wurdt, moatte der buslinen ferdwine.

De provinsje besjocht no in oanbod fan Arriva om it busferfier troch dit bedriuw mei twa jier ekstra te ferlingjen.

Trefwurden: 
duorsumens busferfier Arriva
(advertinsje)
(advertinsje)