Oprop Huitema oer dongoerskot fynt byfal yn Europarlemint

30 maaie 2017 - 21:14

Lânbou- en miljeukommisjes yn it Europeesk Parlemint binne goed te sprekken oer de oprop fan Europarlemintariër Jan Huitema om it dongoerskot yn Nederlân te brûken as grûnstof foar dongferfangers. Op dit stuit is it troch Europeeske regels noch dreech om echte dong te brûken foar keunstdong.

It oerskot oan echte dong moat no noch eksportearre wurde nei it bûtenlân. Wylst op itselde momint in protte keunstdong ymportearre wurdt om Nederlânske planten te bedongjen. Huitema lit witte: "Dit is de wereld op zijn kop. Het is de hoogste tijd dat we onze eigen meststoffen uit dierlijke meststoffen mogen hergebruiken en daardoor minder afhankelijk zijn van kunstmest. Dat is goed voor boer en milieu." De bal leit no by de rest fan it Europeesk Parlemint.

(advertinsje)
(advertinsje)