Komst skatepark Grou bliuwt noch hieltyd fraachteken

30 maaie 2017 - 20:55

Is der no wol of net genôch draachflak foar it Play- en Skate Court yn Grou? It noch oan te lizzen skatepark hat neffens de inisjatyfnimmers de stipe fan tsientallen ynstânsjes, ferienings, skoallen en ûndernimmers. Dochs wol it kolleezje fan b. en w. fan de gemeente Ljouwert in nij draachflakûndersyk dwaan. De útslach hjirfan is bepalend foar it kolleezjebeslút dat uterlik op 15 july fêststeld wurde moat. Der stiet in subsydzje fan 225.000 euro op it spul.

Antwurdkaart

Omwenners en de jeugd yn Grou krije in brief mei antwurdkaart tastjoerd. Hjiryn kinne se oanjaan oft se foar of tsjin in nij skatepark binne. "Het is dus heel belangrijk dat iedereen de antwoordkaart invult en terugstuurt," sa seit foarsitter Gerard Frijling fan de Stichting Play- en Skate Court. It te bouwen park moat bestean út in fjild dat brûkt wurde kin foar basketbal, kuorbal en hânbal, in skatebaan en in plak dêr't atletyk beoefene wurde kin. Oant no ta is der al 100.000 euro ophelle foar it plan en it totale projekt kostet 450.000 euro.

Posityf

De stichting hat earder al by it Mienskipsfûns in oanfraach dien foar subsydzje. Dy is doetiids ôfwiisd om't der net genôch draachflak wêze soe. De stichting hie hjirop beswier yntsjinne en hat fan de beswierekommisje gelyk krigen. Mar no moat der dus noch in draachflakûndersyk dien wurde. De stichting bliuwt lykwols posityf: "Wij hebben er alle vertrouwen in dat de uitslag positief zal uitpakken. Het draagvlak is immers al meerdere keren aangetoond."

(advertinsje)
(advertinsje)