Nyck de Vries grutsk: "Monaco was dé wedstrijd om te winnen"

30 maaie 2017 - 20:12

It is oant no ta de grutste oerwinning foar de 22-jierrige autokoereur Nyck de Vries fan Snits: it ôfrûne wykein kaam er as earste oer de finish yn de Formule 2-race yn Monako. De Vries rydt dit seizoen foar it earst yn dy klasse, krekt in stapke leger as de Formule 1 mei Max Verstappen. Yn syn debútseizoen stiet De Vries dus fuortendaliks op it heechste poadium en dan ek nochris op it prestizjeuze sirkwy yn it prinsdom.

Kâns benut

"Monaco is natuurlijk uniek en speciaal", fertelt Nyck de Vries tiisdeitejûn yn Fryslân Hjoed. "En als je één wedstrijd in het jaar mag uitkiezen die je wilt winnen, dan is dat sowieso Monaco. Dus het is echt heel erg gaaf dat we die kans hebben benut en de wedstrijd hebben gewonnen."

Wilhelmus

De Vries wie ek swier ûnder de yndruk doe't it Wilhelmus ôfspile waard: "Op televisie zag je het niet, maar er waren enorm veel Nederlanders. Toen het Nederlands volkslied werd afgespeeld, hoorde ik vanaf het podium dat mensen op de tribune het meezongen en dat was heel uniek en gaaf."

(advertinsje)
(advertinsje)