Himpkwekerij oantroffen boppe kringloopwinkel yn Drachten
Boppe in kringloopwinkel op de Noardkade yn Drachten is tiisdeitemiddei in himpkwekerij oantroffen. De plysje hat twa fertochten oanhâlden. De planten binne fuorthelle en wurde ferneatige. Der is noch net bekend makke om hoefolle planten it giet.