Earste peal foar Wadden Center de grûn yn

30 maaie 2017 - 17:33

Tiisdei is de symboalyske earste peal slein foar de bou fan it Wadden Center. Dat sintrum wurdt boud op de Ofslútdyk by Koarnwertersân. De earste peal waard slein troch deputearre Klaas Kielstra. Yn it Wadden Center kinne besikers ynformaasje krije oer it Waad en de Iselmar, mar ek it ferhaal oer it ferline en de takomst fan de Ofslútdyk sels wurdt ferteld. Fierder wolle se gearwurkje mei it Kazemattemuseum.

Yn maart 2018 moat de bou klear wêze en kinne de doarren iepen foar it publyk. 

Trefwurden: 
Wadden Center Ofslútdyk
(advertinsje)
(advertinsje)