Grut ferlet fan fakminsken, mar VMBO wrakselet mei min imago

30 maaie 2017 - 17:22

VMBO-skoallen dy't harren rjochtsje op de praktyk binne net populêr. It oantal learlingen rint al jierren werom. De âlden spylje dêrby ek in rol, sy hawwe faak leaver dat harren bern nei de teoretyske rjochting fan it VMBO gean. De fraach nei fakminsken nimt lywols ek al jierren ta. Bedriuwen kinne hiel dreech minsken fine dy't goed mei de hannen wurkje kinne. Geregeld nimme se dêrom de opliedingsrol fan de skoalle oer.

Deputearre Sander de Rouwe sei ferline wike by de iepening fan de maritime akademy yn Snits dat der yn kommende jierren in akút ferlet oan fakminsken ûntstiet yn it midden- en lytsbedriuw.

Bern dy't nei VMBO basis- of beropsrjochte oplieding gean en dêrnei eventueel noch nei in fakoplieding yn it MBO gean, hawwe dus alle kâns op in goede baan.

Trefwurden: 
VMBO fakminsken
(advertinsje)
(advertinsje)