Leveransiers De Trijehoek yn Lippenhuzen wolle guod werom

30 maaie 2017 - 16:30

Restaurant De Trijehoek yn Lippenhuzen wie sa bliid mei it Belgyske echtpear dat foar in trochstart fan it ferneamde restaurant soargje soe. Mar de freugde wie fan hiele koarte duer, want it echtpear waard rûnom socht foar oplichting en naaide nei trije wike út. Ek yn Fryslân hawwe se oant no ta net ien leveransier betelle. En ek de meiwurkers en de ferhierder hawwe noch gjin sint sjoen. Tiisdei wie it dan ek in kommen en gean fan leveransiers dy't har guod wer ophelje woene. It restaurant hat trije dagen iepen west en doe wie it fuortendaliks smoardrok.

De eigener fan De Trijehoek, Henk de Vries fan De Gordyk, wol graach in trochstart meitsje mei it restaurant. Hy wol sa gau mooglik yn petear mei mooglike nije eksploitanten, want de kâns dat it noch wat wurdt mei de eksploitant út België liket net sa grut. De meiwurkers en de Liphústers hoopje ek dat De Trijehoek wer gau iepen giet.

De Fryske plysje is op dit stuit noch net dwaande mei in ûndersyk nei it Belgyske duo. Dat komt omdat der by de plysje noch gjin oanjeften binnenkaam binne. Ek is der noch gjin opspoaringsfersyk dien troch de Belgyske autoriteiten. Mar, de plysje seit der by dat as der minsken of bedriuwen binne dy't beneidiele binne troch Lesley en Denise, dat se dan foaral oanjefte dwaan moatte. De plysje kin dan besykje om der in saak fan te meitsjen.

De gemeente Opsterlân wie ferstuivere doe't it restaurant earder dizze moanne samar in pear dagen iepengie, want de eksploitant hie net de muoite naam om in hoareka- en drankfergunning oan te freegjen. Dat makket it skinken fan bier, wyn en oare dranken yllegaal en strafber. Opsterlân wie dêrom fan doel om noch dizze wike nei De Trijehoek ta te gean om de eksploitant te bekeuren. Dy eksploitant hat dat net ôfwachte.

(advertinsje)
(advertinsje)