Houtbouw Tijsma fynt miljeufoarskriften te swier

30 maaie 2017 - 15:37

Hout- en transportbedriuw Houtbouw Tijsma yn Noardburgum is it net iens mei in tal miljeufoarskriften fan de gemeente Tytsjerksteradiel. It bedriuw krige dy oplein fanwege lûdsoerlêst foar de buorlju. Ien fan de regels is dat it bedriuw mar trije minuten deis de kettingseage brûke mei. Dat is neffens it bedriuw net genôch om in beamstam troch te seagjen, tolve minuten soe better wêze.

It is ek net te kontrolearjen oft it bedriuw him wol oan de regels hâldt, want dan moat der in amtner mei in stopwatch njonken de kettingseage stean, seit Tijsma. Hy stie tiisdei mei syn beswieren tsjin de miljeumaatregels by de Ried fan Steat. Dy docht binnen in pear wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)