Nederlân wint earste wedstriid op WK kwalifikaasje follybal

30 maaie 2017 - 15:13
(fotofoarbyld) - Foto: ANP

De Nederlânske follybalsters mei Marrit Jasper hawwe op it WK-kwalifikaasjetoernoai de earste wedstriid tsjin Denemarken mei 3-0 wûn. it wie in ienfâldige oerwinning mei de setstannen 25-12, 25-13 en 25-9. Nei dizze wedstriid moat de ploech fan bûnscoach Jamie Morrison noch spylje tsjin Noarwegen, Israël, Oekraïne en gastlân Azerbeidzjan. Allinnich de groepswinner giet streekrjocht nei it WK. Foar de nûmer twa is der yn augustus noch in lêste kâns.

(advertinsje)
(advertinsje)