De Fryske Marren yn top 5 fan iten-fuortsmiters

30 maaie 2017 - 14:56

Der wurdt noch hieltyd in berch iten fuortsmiten. It is wol minder as dat it west hat, mar it bliuwt tefolle. En foaral yn De Fryske Marren binne se der goed yn. Dy gemeente stiet yn de lanlike top fiif fan gemeenten dêr't it measte iten yn de griene of sels de grize kontener bedarret, sa skriuwt de Ljouwerter krante tiisdei.

(advertinsje)
(advertinsje)