Drachtster fertocht fan feroarsaakjen deadlik ûngelok

30 maaie 2017 - 14:11
Foto: ANP XTRA

In 29-jierrige militêr út Drachten wurdt fertocht fan belutsenheid by in deadlik ûngelok by Wieringerwerf. By it ûngelok kaam moandeitemiddei in frou om it libben. De militêr ried mei syn militêre frachtwein yn op de auto mei karre fan de frou, neidat dy yn de file remme foar har foarlizzer. De frou ferstoar op it plak fan it ûngelok. Har heit, dy't neist har siet, rekke licht ferwûne.

De militêr is heard troch de Keninklike Maresjesee, dy docht fierder ûndersyk nei it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)