Thús Wonen fersteviget balkons yn Dokkum

30 maaie 2017 - 14:01

De balkons fan tweintich huzen yn Dokkum wurde ferstevige, omdat der mankeminten binne. Wenningkorporaasje Thús Wonen lit de balkons fan al syn flats en huzen kontrolearje, yn opdracht fan it Ryk. It giet om huzen of galerijflats dy't foar 1975 boud binne, omdat bliken dien hat dat dy net allegear fertroud binne.

Ferline wike waarden yn Damwâld de balkons fan hast 100 huzen ôfsletten, omdat se net feilich genôch binne. Yn Dokkum is gjin direkt gefaar foar de bewenners, mar Thús Wonen lit de balkons ferstevigje om ûngelokken foar te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)