Underwiisminister Boerkina Faso op besite yn Wolvegea

30 maaie 2017 - 13:08

De minister fan ûnderwiis fan Boerkina Faso bringt tiisdei in besite oan it Lindekolleezje yn Wolvegea. Yn it lân binne se dwaande mei it opsetten fan in nij ûnderwiissysteem om mear minsken oan in baan te helpen. Se krije derby stipe fan de Wereldbank.

As tarieding makket de minister in stúdzjereis troch Nederlân. Der binne grutte ferskillen tusken de beide ûnderwiissystemen. Sa is de ôfstân tusken leararen en learlingen hjir lytser, binne de klassen hjir folle lytser as yn Boerkina Faso en is hjir mear apparatuer beskikber.

(advertinsje)
(advertinsje)