Plysje warskôget neakene man yn Ljouwert

30 maaie 2017 - 12:33

De Ljouwerter plysje hat moandeitemiddei in man warskôge, dy't poedelneaken op in plak rûn, dêr't dat net de bedoeling is. De plysje wie op it wetter oan it kontrolearjen doe't se de man troffen. Se kontrolearren ek fjirtjin fiskers, ien fan harren hie gjin fiskpas.

In oantal boatsjeminsken krige in warskôging, omdat se net op de goede wize de boat oan de kant lein hiene.

(advertinsje)
(advertinsje)