Reklamemakkers moatte Fryslân mear by de Friezen bringe

30 maaie 2017 - 11:03

Reklamemakkers foar Fryslân rjochtsje har folslein op minsken fan bûten de provinsje. Neffens ûndersiker Jelmer Jeuring fan de Ryksuniversiteit yn Grins is der in wrâld te winnen foar it toerisme yn Fryslân as dêr feroaring yn brocht wurdt. 

Neffens Jeuring fine toeristyske ûndernimmers Friezen hielendal net nijsgjirrich om har op te rjochtsjen. En wy Friezen sels sjogge ús eigen provinsje ek net as fakânsjebestimming, mar as it plak dêr't we thús binne.

Trefwurden: 
reklame Jelmer Jeuring
(advertinsje)
(advertinsje)