Begrutting KH2018-foarstelling Finestra Aperta hast rûn

30 maaie 2017 - 10:46
Logo KH2018

Teätergroep Blau Hynder hat 250.000 euro ynsammele foar de útfiering fan Finestra Aperta mei Kulturele Haadstêd 2018. Hoewol't de begrutting dêrmei noch net hielendal slutend is, stean neffens artistyk lieder Anne Zwaga de ljochten op grien foar it spektakelstik.

Yn dat stik moetsje muzyk- en sirkusteäter elkoar. It stik is spesjaal foar KH2018 ûntwikkele en wurdt yn juny takom jier 24 kear opfierd troch fiif muzikanten en sân akrobaten. By de Smelle Ie wurdt in teäter fan bamboe boud, dêr't plak is foar 350 besikers.

(advertinsje)
(advertinsje)