Trije nije spylsters yn follybalseleksje Snits

30 maaie 2017 - 10:30
(fotofoarbyld) - Foto: ANP

Yn de seleksje fan VC Sneek binne trije nije spylsters opnommen: Anlène van der Meer, Lotte Groninger en Renée Loosman. Van der Meer en Groninger komme út de eigen jeugdoplieding en kamen it ôfrûne seizoen út foar it twadde team dat kampioen waard fan de earste difyzje. It binne jonge spylsters fan 18 en 19 jier. Renée Loosman komt oer fan SVM út Marknesse. Dat is ek de klup dêr't assistint-trainster Ank Kampman sels as spylster aktyf is. Loosman is 20 jier.

Trefwurden: 
follybal Snits froulju
(Advertinsje)
(Advertinsje)