Kollum: "E=ok2"

30 maaie 2017 - 08:24

"Nei oanlieding fan it programma Broodje Gezond woe ik it eins mei jim oer e-nûmers ha, benammen oer de hystery foar wat dy e-nûmers oangiet. Broodje Gezond weefde dêr fluch en fakkundich mei ôf, krekt sa’t Rosanne Hertzberger, skriuwster fan it boek Ode aan de e-nummers, dat ek al dien hie.

E-nûmers binne net giftich. Net ien falt dea del nei it iten fan in knakwoarst út in potsje. De oanname dat e-nûmers gemysk en dus skealik binne, is net wier. Der sitte bygelyks e-nûmers yn memmemolke, yn alles dat wy yn de tún ferbouwe, sels yn de lucht, yn de soerstof dy’t wy ynazemje: it nûmer 948. De stoffen mei e-nûmers binne de meast ûndersochte en meast feilige komponinten fan ús iten.

Ik sei dat ik it der èins oer ha woe. Dat feroare doe’t ik my, nei it lêzen fan alle ynformaasje, begûn ôf te freegjen wêr’t dy hystery weikaam. Dy blykt fuort te kommen út it Bibeltsje fan de anty e-leauwigen, it boekje Wat zit er in ons eten fan de Française Corinne Gouget. Dêryn stiet in wiidweidige opsomming fan alle e-nûmers en watfoar skealike útwurking dy op it minsklik lichem ha. Alles dat sy yn dat boekje beweart stiet heaks op de ûnderfinings fan deskundigen, ûndersikers en bygelyks de EFSA, de Europese autoriteit voor Voedselveiligheid. Dat is dus nochal wat. Dêrtroch ferskoot myn fokus fan e-nûmers nei de fraach: wa is Corinne Gouget? En mei it stellen fan dy fraach iepenbiere him it plot fan in thriller.

Corinne Gouget is dea. Op 22 juny 2015 is se foar de trein sprongen. Tragysk, mar dêrmei begjint it pas. Want der kamen geruchten yn de Frânske parse dat it om moard gean soe. Gouget wie troud mei in man dy’t yn de fiedselyndustry wurket. Dy hie har, nei har eigen sizzen, warskôge foar guon produkten, om dy net oan harren bern te jaan. Sa wie har krústocht úteinset en dy wie, neffens harsels, de yndustry in stikel yn de foet. Op befel fan in rjochter waarden op in stuit har dochters by har weihelle omdat se op ’e rin mei de holle wêze soe. Corinne Gouget seach yn it oardiel fan de rjochter in komplot fan de Frijmitselarij. Har man wie in Frijmitseler, sei se, krekt as de rjochter en har eigen advokaat. In freondin en meistrider fan har stoar by in, neffens har sizzen, fertocht fleanûngemak. Sels stapte se dêrom net mear yn in fleantúch. Se waard hoe langer hoe erchtinkender en ferhuze om it hurdsje. Oant de 22e juny, doe’t se foar in trein sprong.

Foar it each fan in bûtensteander ûntstiet it byld fan in frou dy’t mei harsels tangele siet, paranoïde gedrach fertoande en fan achterfolgingsdwylsin te lijen hie. Dat alles mei-inoar soe ek har gûcheljen mei de feiten oer e-nûmers ferklearje kinne. Men wit it net. Yn alle gefallen is it saak om de kop derby te hâlden. Wês kritysk, nim net alles foar swiete koeke oan. Dat jildt yn ’t bysûnder foar e-nûmers. Tink bygelyks oan de E-Street band fan Springsteen. Of Sheila E, dy wie oars ek net ferkeard. En wat te tinken fan de meast ferneamde formule út de skiednis, dy fan Einstein: E=ok2?

Lit jim net gek meitsje."

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

(advertinsje)
(advertinsje)