Midsiuwsk fjochttoernoai by Tytsjerk primeur foar Nederlân

29 maaie 2017 - 23:04

Takom augustus wurdt foar it earst in midskiuwsk fjochttoernoai organisearre yn Nederlân. Dizze Kening Striid, sa as de offisjele namme is, fynt plak op 19 en 20 augustus yn it bosk fan Ypey by Tytsjerk. De wedstriid foarmet ûnderdiel fan it festival Imaginarium.

De Kening Striid is net sabeare fjochtsje sa as yn films of toanielstikken, mar yn midsiuwske fjochtútrissing mei swurd en bile echt opinoar yn houwe oant de sterkste wint. Yn it bûtenlân binne der al langer fan dit soarte wedstriden, mar yn Nederlân is it foar it earst.

(advertinsje)
(advertinsje)