Beoardieling útwreiding bedriuweterrein Ie duorret langer

29 maaie 2017 - 21:52

De Ried fan Steat nimt langer as normaal de tiid om it útwreidingsplan foar it bedriuweterrein fan Ie te beoardieljen. Rjochter Bart Jan van Ettekoven sei dat moandei oan de ein fan in rjochtsaak yn Den Haag. In útspraak oer it bestimmingsplan foar de útwreiding fan it bedriuweterrein mei 1,7 bunder kin bepalend wêze foar fergelykbere saken yn de rest fan it lân. Krúsjaal by de beoardieling is oft de gemeenteried fan Dongeradiel mear romte biede mocht oan trije lokale bedriuwen yn in lyts doarp as Ie. 

In provinsjale feroardering biedt allinne ynsidintele útwreidingsmooglikheden foar ien bedriuw by in doarp op it plattelân. Mear bedriuwen, of groeiende bedriuwen, moatte nei gruttere regionale bedriuweterreinen ferhúzje. 

Fitaal

Dat de gemeenteried fan Dongeradiel dochs besletten hat om trije lokale bedriuwen yn Ie de romte te jaan, hat neffens wethâlder Albert van der Ploeg fan Dongeradiel te krijen mei it fitaal hâlden fan de doarpen. Om Ie yn de takomst libbensfetber te hâlden, is de útwreiding fan it bedriuweterrein foar trije lokale bedriuwen mear as needsaaklik, sei Van der Ploeg by de sitting by de Ried fan Steat. 

Djip woartele

Neffens Van der Ploeg binne de trije bedriuwen, agrarysk transport- en distribúsjebedriuw Hoek-Agro, lânboumeganisaasjebedriuw Mechan Noord  en transportbedriuw Borger, sa djip woartele yn Ie en de direkte omjouwing dat útwreiding dêr needsaaklik is. De measte klanten fan de bedriuwen sitte yn in straal fan sân kilometer om Ie hinne en de measte wurknimmers komme út it doarp. 

Oantaasting

Rekreaasjeûndernimmer Lieuwe Jansma is tsjin de útwreiding. Mei syn partner runt er rekreaasjebuorkerij Lyts Humalda. It bedriuweterrein fan 1,7 bunder komt flak achter de buorkerij. Hy is net allinne bang dat it tal besikers ôfnimt, mar ek foar in oantaasting fan it iepen lânskip fan Dongeradiel dy't net werom te draaien is. Jansma is hikke en tein yn Dongeradiel. Hy wol it iepen lânskip foar de takomst bewarje, sadat syn bernsbern der ek fan genietsje kinne, sei er op de sitting.

It kin wiken duorje foardat de Ried fan Steat útspraak docht. 

(advertinsje)
(advertinsje)