André van de Nadort wurdt nije boargemaster Weststellingwerf

André van de Nadort wurdt de nije boargemaster fan Weststellingwerf. De gemeenteried hat him foardroegen by minister Plasterk fan Ynlânske Saken. As it oan de ried leit, wurdt Van de Nadort meikoarten beneamd as opfolger fan Gerard van Klaveren. Dy hâldt op 1 july op. Van de Nadort is no noch boargemaster fan de gemeente Ten Boer yn Grinslân. Dêr is er sûnt 2009 yn funksje.