Ljouwert krijt gjin grutter gebiet mei frije hoarekatiden

29 maaie 2017 - 20:27

It gebiet wêryn de Ljouwerter hoareka sels de rezjy oer de slutingstiden hat, wurdt net útwreide. In moasje mei dy strekking fan ûnder oare D66, PAL/GrienLinks, VVD en Feriene Lofts helle it moandeitejûn net yn de gemeenteried. De moasje krige 20 stimmen tsjin en 13 stimmen foar.

Undernimmers en in soad jongeren wolle graach frije slutingstiden mei as biedwurd: 'minder regels, mear feest'. Oaren wize krekt op de wenfunksje fan de binnenstêd, it beheinen fan oerlêst en it garandearjen fan feiligens. Dêrom moatte de frije slutingstiden beheind wurde ta in lyts kearn-hoareka-gebiet, fine de tsjinstanners. Mei it fersmiten fan de moasje hat de ried yn mearderheid dy lêste opsje nochris befêstige.

Yntsjinner fan de moasje Hilde Tjeerdema fan D66: "Wy wolle hiel graach dat de ûndernimmers sels mei bepale wannear't se iepen en ticht gean. Net mear straffe en beheine, mar fertrouwen ha yn de ûndernimmers, sadat er mear leven en aksje yn 'e stêd komt. Wy fine it skande dat de mearderheid fan de ried ûndernimmers net wat mear fertrouwen gunt." 

De PvdA wie tsjin útwreiding fan it gebiet. Neffens wurdfierder Jelle de Visser soe de feiligens der ûnder te lijen ha en is de kâns op oerlêst grutter. Ek soene de kosten omheech gean omdat der mear befeiligers en plysjes ynset wurde moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)