Feanster frijsprutsen fan ûntucht mei bern

29 maaie 2017 - 18:44
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 33-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is moandei frijsprutsen fan ûntucht mei de trije bern fan syn styfsuster. Tsjin him wie in selstraf ûnder betingst easke. De man stie foar it rjocht omdat er him yn 2014 en 2015 fergrepen hawwe soe oan de bern, twa famkes en in jonkje. Neffens de rjochter wie dat lykwols net te bewizen, omdat de ferhalen fan de Feanster en de bern tefolle ferskilden.

(advertinsje)
(advertinsje)