Mear fleanbewegingen op fleanbasis fanwege oplieding

29 maaie 2017 - 16:38

It tal fleanbewegingen op de fleanbasis Ljouwert is op it stuit trije kear mear as gewoan. Dat hat te krijen mei de ynternasjonale oplieding ta wapenynstrukteur, ien fan de dreechste opliedingen. Sechtjin piloaten moatte sân moanne lang alle dagen eksamen dwaan. Piloaten út fiif lannen dogge mei. Njonken Nederlân binne dat ek Portugal, Denemarken, Noarwegen en België. Der wurde hege easken steld oan de dielnimmers.

 

Trefwurden: 
fleanbasis Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)