Tips fan dupearren tsjin online oplichting

29 maaie 2017 - 17:05

Goed 1.700 minsken, wêrûnder in soad Friezen, reagearren op de enkête fan de NOS en de regionale omroppen oer online oplichting. Se binne dupearre nei’t se bygelyks tickets, spulkompjûters, klean of in mobyl fan in oar, fia ynternet, oer keapje woenen. Se makken it jild oer, mar krigen it guod noait levere.

De plysje hat in lanlik team dat him mei ditsoarte fan fraude dwaande hâldt. "In 2016 zijn er 346 onderzoeken geweest, waarbij 6.000 aangiften en 500 verdachten mee gemoeid waren," fertelt Gijs van der Linden fan it Landelijke Meldpunt Internetoplichting. "We werken samen met de banken en Marktplaats. Vorig jaar zijn 1.732 bankrekeningen gesloten. Nu nog zijn vijf meldingen per rekening nodig, maar we zijn met de banken in gesprek om dat naar drie terug te brengen. Vaak ben je dan ook nog niet bij de oplichter zelf, want je ziet dat er nog tussenmensen zijn die hun rekening beschikbaar stellen voor dergelijke transacties. Als politie kunnen we het geld niet terughalen. Vaak is het direct al gepind als het bedrag is bijgeschreven."

Tips fan de plysje

"Maak gebruik van een creditard, paypal of kopersbescherming. Als je op internet iets wilt kopen, loop je een bepaald risico. Doe onderzoek, kijk op websites van de politie en de fraudehelpdesk. Uiteindelijk ligt de verantwoordelijkheid bij de koper. Wil je echt zekerheid, ga dan naar een stenen winkel, pak het product uit het schap en reken het af bij de kassa."

De ‘ervaringsdeskundigen’ dy't de enkête ynfolle ha, kinne ek út eigen ûnderfining fertelle wat de oanwizingen binne dat it mooglik om fraude giet. Sykje op ynternet op de namme om te sjen oft in profyl nep is, of sykje om ûnderfiningen mei de ferkeaper. En as in ferkeaper net reagearret op mails, telefoantsjes of ferlechjes hat dat it guod noch net opstjoerd is, witst eins wol dat it foute boel is. 'Is het te mooi om waar te zijn?', dan is dat yndie faak ek sa.

Tips om online oplichting foar te kommen:

- Kontrolearje it rekkennûmer en hoelang’t ien aktyf op Marktplaats is
- Sjoch oft der in ‘waarborgkeurmerk’ is
- Kontrolearje oft de ferkeaper op in plysjewebside stiet of dat de webside bekend is
- Betelje pas ast it guod ophellest en betelje net yn it foar fia ynternetbankieren
- Keapje it net as it net goed fielt
- Keapje inkeld guod yn de buert sadatst it ophelje kinst

Trefwurden: 
oplichting online dupearre
(Advertinsje)
(Advertinsje)