Lange file op Ofslútdyk troch wurksumheden by Lorentzslûzen

29 maaie 2017 - 13:47
File op de Ofslútdyk by Koarnwertersân - Foto: ANP

Wurksumheden oan de dyk soargje moandei foar in lange file op de Ofslútdyk. Ferkear dat út Fryslân wei nei Noard-Hollân wol, moat rekken hâlde mei fertraging. Tusken 13 maart en 20 july wurdt der wurke oan de Lorentzslûzen. De betonskea wurdt repareard en de gebouwen krije in nije, ljochtjaande, laach farve.

De rydstroken bliuwe beskikber, mar ferkear moat wol folle stadiger oer de smellere dyk ride. De ôfrûne wike stie der ek al in lange file op itselde plak. Dat kaam doe troch problemen mei de te waarme brêge. Dy wurdt sûnt dy tiid kuolle mei wetter út in túnslang.

Trefwurden: 
Ofslútdyk file
(advertinsje)
(advertinsje)