Pasjinten yn MCL kinne gjin boeken mear yn sikehûs liene

Pasjinten yn it Ljouwerter sikehûs MCL kinne fan 1 july ôf gjin boeken mear liene yn it sikehûs. No noch wurde dy boeken rûnbrocht troch frijwilligers fan de Unie van Vrijwilligers, mar dy hâlde der mei op.
Dat hat neffens Annemieke van Hulzen fan de uny benammen te krijen mei it feit dat minsken koarter yn it sikehûs lizze en dus gjin tiid ha om in boek te lêzen. Boppedat nimme pasjinten faak sels in laptop of tablet mei. Dêrneist moast de biblioteek ferhúzje en woe it sikehûs dy ynvestearring eins net mear dwaan.