Eigener hûs Minnertsgea: "Ferskuorrend tryste oanblik"

"It is in ferskuorrend tryste oanblik" seit Jochem Bekius. Hy en syn frou Greetsje krigen sneontemiddei de skrik fan har libben doe't in persoanebuske by har hûs oan de Ferniawei tsjin de gevel oanried. "Myn frou is hiel bot skrokken. Se wie yn 'e hûs en belle my dat ik thús komme moast omdat der wat slims gebeurd wie. Ik wist net wat ik ferwachtsje koe en dan komst oanriden en stiet der auto oerdwers yn de gevel. Ik bin ferbjustere."
De hiele gevel is skansearre, troch de hurde klap binne bakstiennen en glês de keamer ynrûgele. "De skea falt net ta, sels de dakpannen binne ferskood fan de klap. It wiist net goed, mooglik is it sloopryp wurdt wol sein. De sydgevel mankearret op it each neat oan, mar yn de steande gevel sit ek in skuor en de dakpannen stekke ûnder it kajút troch. Dat is fiif meter fan it punt fan de klap ôf. Dus der is wol hiel wat gebeurd."
Neffens Bouw en Woningtoezicht koe de famylje noch wol yn it hûs bliuwe as se mar net yn de keamer komme dêr't de auto ynriden is. "Dit galmet noch in hiele tiid mei. We binne samar in healjier fierder. Fjirtich jier lyn ha we ek soks belibbe, mei in auto deryn, mar de skea is no wol folle grutter." De materiële skea wurdt moandei besjoen.
De botsing wie feroarsake troch wurge roeiers fan in feriening út Deventer dy't oan de roei-alvestêdemaraton meidien hienen.