Meanmasine gemeente Frjentsjerteradiel rekket te wetter

By meanwurk lâns it Bolwurk en de Turfkade yn Frjentsjer is moandeitemoarn in meanmasine fan gemeentewurken Frjentsjerteradiel it wetter yn gliden. De meiwurker ried om in beam hinne op it skeane diel fan it Bolwurk, doe't de meanmasine troch de glêde ûndergrûn begûn te glydzjen en yn it wetter ferdwûn.

De bestjoerder rekke te wetter, mar koe sels út de kabine komme. Fan de masine is allinnich noch it dak te sjen. In grutte teleskoopkraan hat de masine moandetemiddei út it wetter helle. Dêrfoar moasten earst rydplaten dellein wurde om skea foar te kommen. De meanmasine wurdt troch de gemeente Frjentsjerteradiel as ferlern beskôge.