Brantsje by fabryk FrieslandCampina al gau wer út

29 maaie 2017 - 12:03

By it fabryk fan FrieslandCampina oan de Ljouwerter Merodestrjitte hat moandeitemoarn in lytse brân west. De brânwacht fan Ljouwert ried mei ferskate auto's derhinne en skaalde fuortendaliks op nei middelbrân. Dat barde foaral út foarsoarch, omdat it om in grut kompleks giet, dêr't ek in soad minsken wurkje. 

It brantsje wie ûntstien op it dak, dêr't dakdekkers dwaande wiene mei ûnderhâldswurk. It fjoer wie hiel gau wer út en soarge fierder net foar skea of oare problemen. Net ien rekke ferwûne. 

It bedriuw hat koart ûntromme west. Dielen fan it fabryk hawwe tydlik stillein, mar dat hat neffens de wurdfierder foar safier bekend gjin skea oplevere oan de molke dy't yn it fabryk ferwurke wurdt.

Trefwurden: 
FrieslandCampina brantsje
(advertinsje)
(advertinsje)