FIDEO: Poatsjebaaiende alpaca's geane 'viral'

29 maaie 2017 - 11:13

Poatsjebaaiende alpaca’s yn in plestik opblaasbad krije tûzenen reaksjes op Facebook. Auke Wesselink, eigener fan Alpacomundo yn Surhústerfean, pleatste it filmke fan syn bisten op de social media. Hy is fernuvere oer it sukses derfan. It filmke is al 323.000 kear besjoen, der binne 5.000 reaksjes en 6.000 likes.

Krekt as minsken, en oare bisten, hâlde de alpaca’s fan wat ferkuolling as it hyt waar is. “Bij warm weer hebben we het bad standaard buiten staan. Dat doen meer fokkers hoor, we hebben het niet zelf bedacht,” fertelt Auke Wesselink. Dêrom is er ek sa ferrast oer de reaksjes. “Het verbaast me echt, we plaatsen wel vaker foto’s en filmpjes van onze beesten en dit badderen doen ze dus ook wel vaker. Heel bijzonder vind ik het niet, maar gezien de vele reacties spreekt het mensen blijkbaar wel aan. Leuk dat het ‘viral’ gaat.”

Verliefd

Hy begrypt de reaksjes ek wol, want sels is er ek fallen foar de alpaca, in kamielachtich bist. “We wilden iets met schapen beginnen en keken rond op internet. Toen we een foto van een alpaca zagen, waren we direct verkocht. Dat koppie, we waren gewoon verliefd!” De fokkerij is in leafhawwerij, mar wol profesjoneel. “Maar het levert nog niet genoeg op om er van rond te  kunnen komen.” De alpaca’s, dy’t oarspronklik út Peru komme, wienen krekt oardel wike lyn skeard. “Gelukkig waren ze hun warme vacht al kwijt. Ze vinden het water echt lekker, als er bijvoorbeeld een bak water in het gras omvalt, gaan ze daar ook in staan. We zetten ook weleens de sproeier aan, houden ze ook van.”

(advertinsje)