Tiisdei earste peal fan Ofslútdyk Wadden Center

29 maaie 2017 - 10:58

By Koarnwertersân wurdt tiisdei de symboalyske earste peal slein fan de bou fan it Ofslútdyk Wadden Center. Dat wurdt dien troch ûnder oare deputearre Klaas Kielstra en wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân. Mei help fan bylden wurdt besikers dêr yn de takomst it ferhaal en de takomst fan de 85-jierrige Ofslútdyk ferteld. It sintrum iepenet yn maart takommend jier.

It giet om in gearwurking tusken de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân en de gemeenten Súdwest-Fryslân, Harns en Hollands Kroon. De Ofslútdyk wurdt de kommende jierren folslein fernijd. 

(advertinsje)
(advertinsje)