Sûne temawike los op Drachtster praktykskoallen
Griente en fruit ite, in soad wetter drinke, alle dagen begjinne mei bewege en net smoke. Twa praktykskoallen yn Drachten, it CSG Liudger en OSG Singgelland wolle har learlingen dêr dizze wike ta motivearje. Dat dogge se mei in spesjale sûnens temawike. Want as je sûn en fit binne binne je ek lokkiger, neffens skoaldirekteur Dick Wever fan it Liudger. Boppedat freget de arbeidsmerke om sûne minsken en is it de taak fan de skoalle om learlingen klear te meitsjen om aanst oan it wurk te gean.
De wike gie los mei in saneamde squat-challenge yn de gymseal. Mar echt maklik wie it noch net om alle pubers entûsjast te krijen om te bewegen. Want wat kletse en op de grûn sitte liket in moai alternatyf foar in grut part fan de learlingen.