Lanlike yntocht Sinteklaas is dit jier yn Dokkum

De lanlike yntocht fan Sinteklaas is dit jier yn Dokkum. De yntocht is op sneon 18 novimber. Sinteklaas en syn Piten farre mei de boat nei Dokkum. Dêr wurde se wolkom hjitten troch boargemaster Marga Waanders, wêrnei't hy op it hynder troch it sintrum giet. Boargemaster Waanders fan Dongeradiel is der grutsk op dat de kar op Dokkum fallen is. Ferline jier wiene yn Maassluis strange feilichheidsmaatregels nedich by de yntocht fanwege de protesten fan foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt. Dat wjerhâldt Dokkum der net fan om de yntocht te organisearjen.
Oer Swarte Pyt hat oant no ta yn Dongeradiel net folle diskusje west, seit in wurdfierder fan de gemeente. De ôfrûne jierren wiene de Piten by de yntocht allegearre donker fan kleur. Oft dat dit jier ek it gefal is, moat noch besprutsen wurde. Alle bern wurde útnûge om nei Dokkum te kommen om de lanlike yntocht mei te meitsjen. De gemeente wurket gear mei tv-omrop NTR, dy't de yntocht organisearret en live útstjoert op telefyzje. Dieuwertje Blok docht de presintaasje. Ek fanút Madrid wurdt posityf reagearre op it nijs dat de lanlike yntocht dit jier yn Dokkum is. Sinteklaas hat oanjûn dat hy no al útsjocht nei de yntocht yn Dokkum.